Tefredenheid oer Burgernet

13 des 2010 - 12:15

De plysje is tefreden oer de ynset fan Burgernet. Der is fan novimber 2009 ôf 110 kear in Burgernetaksje starten, wêrfan 31 mei sukses. Burgernet wurdt yn tolve Fryske gemeenten brûkt wannear't minsken fermist wurde of om fertochten mei help fan boargers op te spoaren en oan te hâlden.

Burgernet telt oant no ta 16.000 dielnimmers. Dat oantal sil begjin 2011 fierder omheech gean wannear't fiif nije gemeenten har oanslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)