Tefredenens oer ljochtjaand fytspaad Jobbegea

04 des 2014 - 07:13
  • Jobbegea hat de primeur mei ljochtjaande strepen
  • It ljochtjaan fytspaad foldocht de Kompenijsters goed

In part fan it fytspaad by de P.W. Janssenwei yn Jobbegea hat sûnt maaie ljochtjaande strepen. De spesjale ferve op de linen nimt oerdeis ljocht op en strielt nachts ljocht út. It wie foar it earst yn Nederlân dat dit konsept tapast waard.

De gemeente hâldt in enkête oer wat de minsken fan de proef fine. Nei in healjier lykje de earste ûnderfinings posityf, sa seit Jan de Jong fan de gemeente. Hy brûkt it fytspaad sels ek. Mar der binne ek fytsers dy't minder te sprekken binne oer it fytspaad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)