Tefreden oer WMO-loket

20 aug 2008 - 10:12

Ljouwerters binne tefreden oer it WMO-loket yn de gemeente. Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat de gemeente boppegemiddeld skoart. It WMO-loket jout stipe oan âlderen en groanysk siken. De Ljouwerters binne benammen goed te sprekken oer de húshâldlike help en helpmiddels lykas in skootmobyl.

Tefredenheid oer it nije WMO-loket is der ek yn Eaststellingwerf, Dongeradiel, Smellingerlân en Dantumadiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)