Tefreden oer wenjen Smell'lân

22 apr 2014 - 17:27
  • De Lawei yn Drachten

De ynwenners fan Smellingerlân binne gemiddeld goed te sprekken oer har eigen wenomjouwing. Se jouwe de eigen wenwyk of doarp it rapportsifer 7,6. Dat stiet yn de nije wykatlas fan Smellingerlân, dy't tiisdeitejûn presintearre wurdt oan de gemeenteried. Yn de wykatlas steane ek minder moaie sifers. Der binne no mear minsken yn Smellingerlân mei in minumum-ynkommen. Dy jouwe oan dat se gjin jild hawwe foar de sportklup, De Lawei of muzykles, ek net foar de bern. Mear as 4.000 ynwenners wurken mei oan de wykatlas.

Wethâlder Nieske Ketelaar skrikt fan de sifers. Wat har oangiet sil it nije kolleezje fan Smellingerlân net besunigje op it minimabelied. Neffens Ketelaar binne dizze problemen no grutter as in pear jier lyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)