Tefreden oer hynstekonkoers yn Drachten

25 jan 2015 - 15:35
  • Hynstekonkoers yn Drachten
  • Jeroen Dubbeldam

Organisator Chris van Dam is hiel tefreden mei it ferrin fan it hynstekonkoers yn Drachten. De publike belangstelling wie goed en finansjeel is in lyts pluske skreaun. It Ynternasjonaal Noard-Nederlân Konkoers, it ICNN, is dit jier foar de fjirde kear organisearre. Dêrfoar wie it hast 20 jier yn Zwolle te sjen. It aksint fan it evenemint lei op dressuer en it springen. Dielnimmers kamen út de hiele wrâld. Snein wie de grutte finale mei in ynternasjonaal springkonkoers en grutte nammen lykas wrâld- en olympysk kampioen Jeroen Dubbeldam.

ICNN draait mei in begrutting fan mear as 700.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)