Tefreden oer East-Stellingwerf

10 nov 2006 - 10:38

Toeristen binne tige tefreden oer de gemeente East-Stellingwerf. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de gemeente. Goed tûzen besikers fan de gemeente binne dit jier en ferline jier frege nei har ûnderfinings.

De toeristen wiene benammen bliid mei it grutte oanbod oan natuer en romte en de mooglikheden om te fytsen en te kuierjen. Ut it ûndersyk docht ek bliken dat de besikers net in soad jild besteegje yn de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)