Tefreden amtners yn Bûtenpost

03 feb 2009 - 10:26
  • Amtners Achtkarspelen binne tefreden

De amtners fan Achtkarspelen binne hiel tefreden mei har wurkjouwer. De meiwurkers jouwe de gemeente in 7,8. Dat docht bliken út ûndersyk. Goed 70 prosint hat meidien. De amtners binne foaral te sprekken oer har kollega's: dy krije in 8,1. De beleanning skoart in stik minder. Dêr jouwe de wurknimmers fan Achtkarspelen in 5,7 foar.

Yn juny wurdt bekend wa't de bêste wurkjouwer fan 2009 is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)