'Tefolle wurke oan Turfrûte'

25 jun 2010 - 20:56

De stichting Nije Kompanjons fynt dat der op dit stuit noch tefolle wurk oan de Turfrûte útfierd wurdt. De stichting is benaud dat boatsjefarders foar in oare rûte kieze, no't der op meardere plakken opûnthâld is.

De Nije Kompanjons is yn it libben roppen om it farren op de Turfrûte te promoatsjen. De Turfrûte is benammen populêr by natuerleafhawwers. De rûte ferbynt fjouwer nasjonale parken meielkoar, wêrûnder De Alde Feanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)