Tefolle troep op it strân

17 aug 2011 - 21:03

Der moat takom jier 10 persint minder ôffal op de Nederlânske strannen lizze as dit jier. Dat is it stribjen fan in grut tal organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei it behear fan de strannen. It giet om in gearwurking tusken de kustgemeenten, Rykswettersteat, de Stichting Nederland Schoon en De Noordzee.

De kommende moanne sille teams op de strannen fan de Waadeilannen ynset wurde om toeristen bewust te meitsjen fan it smoargens op de strannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)