Tefolle snoekbearzen fongen

06 okt 2010 - 11:34

Op it Prinses Margrietkanaal by Warten hat de plysje tiisdei by in fiskkontrôle 21 fongen snoekbearzen yn beslach nommen. De fisk wie fongen troch twa manlju út Snits (43) en Drylts (51). Se fisken yn in boat. De plysje kontrolearre de fiskpassen en identiteitsbewizen.

Tsjin de twa is proses-ferbaal opmakke. Fiskers meie yn dizze perioade fan it jier net mear as twa snoekbearzen meinimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)