Tefolle partoeren foar PC

28 jul 2011 - 21:33

De Technyske Kommissje en de PC hawwe tongersdei de partoeren bekend makke dy’t kommende woansdei meidwaan sille oan de 158e edysje fan de belangrykste keatspartij fan Fryslân.

Der wienen 18 partoeren oanmeld. Dat betsjut dat der twa ôfwiisd wurde moasten. Dat binne it partoer fan Bauke Triemstra, Hillebrand Visser en Tjisse Steenstra en dat fan Redmer Strikwerda, Bauke Dijkstra en Lennart Adema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)