Tefolle organisaasjes Waad

29 nov 2012 - 20:44

As der ien natoergebiet is dêr't tefolle ynstânsjes ferantwurdlik foar binne, dan is dat de Waadsee. Dat seit de Waadferiening nei de oprop fan de ANWB earder dizze wike foar mear gearwurking tusken natoerorganisaasjes.

Yn Denemarken en Dútslân is it behear fan it Waad regele troch Nasjonale Parken. Yn Nederlân binne fiif ministearjes, trije provinsjes, achttjin gemeenten, fjouwer wetterskippen en in grut ferskaat oan oare organisaasjes beslutsen by it Waad. Dy wurkje elkoar wolris tsjin. Dat moat oars neffens de Waadferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)