Tefolle lanlike regels op PABO

07 nov 2013 - 16:52

De Pabo's drgje foar in grut part harren regionale karakter kwyt te reitsjen. De lerare-oplieding foar it bassisûnderwiis moat oan hieltiid mear lanlike easken foldwaan. Dy easken binne sa strang dat foar in eigen ynfoling fan it programma eins gjin tiid mear is. Dêrfoar waskôget Ingrid Janssen, haad fan de lerare-opliedings fan Stenden.

It lytse bytsje frije romte dat se noch hawwe, wurdt brûkt foar de Fryske taal. Mar fierder is de rek der einliks út en dat giet te'n koste fan de takomstige leraren, sa seit Janssen.

De learkrachten kinne dan miskyn goed rekkenje en staverje, mar witte net om te gean mei kreativiteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)