'Tefolle grafyske bedriuwen'

11 jan 2005 - 12:02

Fryslân hat tefolle grafyske bedriuwen. Dat seit foarsitter Hoekstra fan it Koninklijk Verbond voor Grafische Ondernemingen (KVGO). Ferline jier binne der in protte drukkerijen faillyt gien en dat sil dit jier net oars wêze, ferwachtet Hoekstra.

Hoefolle wurknimmers der op strjitte komme te stean is dreech te sizzen. It sil neffens Hoekstra pas yn 2006 wer better wurde foar de grafyske bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)