Tefolle folk by Woudagemaal

04 jan 2012 - 15:16

Wetterskip Fryslân ropt minsken op om woansdei net mear nei it Woudagemaal by De Lemmer te kommen. Dit omdat it te drok is. Der hawwe woansdei al 2500 besikers west. Omdat it wetterskip graach wol dat elk it stoomgemaal goed yn wurking sjen kin freegje se minsken om letter dizze wike del te kommen. Woansdei is der gjin plak mear foar mear besikers.

Op de website fan it gemaal steane de iepeningstiden. It gemaal is de hele wike noch yn wurking om wetter op de Iselmar te spuien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)