'Tefolle ferkearsbuorden'

24 nov 2009 - 20:34
  • Sander de Rouwe

Der binne fierstente folle ferkearsbuorden. Dat fynt it Fryske Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA. De Rouwe hat in soad meldings en foto's krigen fan frjemde situaasjes mei tefolle buorden.

Neffens him soene der mear gebieten komme moatte dêr't gjin of hast gjin ferkearsbuorden binne. Foarbylden dêrfan binne al te finen yn Drachten, Easterwâlde en Makkingea. De Rouwe sil woansdei by Minister Eurlings oantrune op in lanlik ûndersyk nei de buorden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)