Tefolle drank op by kontrôle

24 des 2010 - 14:43

De plysje hat tongersdeitenacht by ferskate alkoholkontrôles trije rydbewizen ynnaam. Ien fan de bestjoerders, in 23-jierrige man fan Gytsjerk, hie mar leafst acht kear it tastiene promillaazje oan alkohol yn it bloed.

De twa oare oertreders, in 37-jierrige man út De Haule en in 30-jierrige man út Ljouwert, hiene elk in lytse fjouwer kear it tastiene promillaazje yn it bloed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)