Teeven iepenet Meldkeamer

28 nov 2011 - 16:53

De Noardlike Meldkeamer yn Drachten moat in foarbyld wêze foar oare korpsen yn Nederlân. Dat sei steatssekretaris Fred Teeven fan feiligens en justysje by de iepening fan it kompleks yn Drachten. Yn de meldkeamer wurde telefoantsjes oannaam fan minsken út Grinslân, Fryslân en Drinte dy't de plysje, brânwacht of in ambulânse nedich hawwe.

Der wurkje 160 minsken by de nije Noardlike Meldkeamer. Teeven fynt it wichtich dat bellers sûnder dat se trochferbûn wurde by de ynstânsje komme dy't se nedich hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)