Teeven: Help foar wetterplysje

26 aug 2012 - 16:06
  • Fred Teeven op kampanje by wettersporters yn Ljouwert

Plysjeminsken út Grinslân en Drinte moatte yn tiden fan drokte faker helpe by tafersjoch op it wetter yn Fryslân. Dat sei steatsiktaris Teeven fan Feiligens en Justysje snein yn Ljouwert dêr't er op kampanje wie foar de VVD. Neffens him is der de lêste jierren te min dien tsjin kriminaliteit op it wetter.

Op 1 jannewaris ûntstiet ien grutte nasjonale plysje. Dan wurdt it folle makliker om yn tiden fan drokte plysjeminsken yn oare regio's yn te setten, sûnder dat dêr yngewikkelde prosedueres foar nedich binne.

Teeven tinkt dat bygelyks de Prinsentún yn Ljouwert oanlokliker wurdt foar boaten, as der mear tafersjoch is fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)