Teetún by filla Vijversburg

13 jan 2005 - 10:05

By de filla Vijversburg yn de Bosk fan Ypey by Tytsjerk kin simmers tenei tee dronken wurde. It bestjoer fan de stifting Op Toutenburg hat besletten dat der in lytse horekagelegenheid yn de filla komt. Op Toutenburg is eigner fan de bosk en it hûs dat der yn stiet.

Jierrenlang waard Vijversburg ferhierd as rekreaasjeferbliuw, mar dêr is in ein oan kaam. Der wurde no al keunst- útstallings hâlden en der komt in teetún by. Dy is allinne wykeins iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)