Teeners rinne oer it spoar

26 aug 2013 - 10:46

De plysje hat snein yn Bûtenpost in famke fan 13 jier út in lyts doarp yn de gemeente Achtkarspelen en in 14-jierrige jonge fan Eastermar oppakt omdat se op it treinspoar rûnen. In tsjûge hie se flakby it stasjon fan Bûtenpost rinnen sjoen en warskôge de plysje. Dy hat de beide bern oanholden en nei it buro brocht. Dêr binne se heard, wêrnei't se wer nei hûs mochten. Se hawwe proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)