Teeling pakt stjonkoerlêst oan

02 maaie 2011 - 10:06
  • Earder wie der al in ynformaasjejûn oer Teeling Petfood (foto: Omrop Fryslân)

Teeling Petfood yn Feanwâlden kin de stjonkoerlêst noch dochs konkreet oanpakke. It bedriuw hat tongersdei lang om let in omjouwingsfergunning krige. Dêrmei kinne se begjinne mei in saneamde ûntgeuringsynstallaasje. Dat nije apparaat helpt om de oerlêst dêr't de buert al tiden oer klaget, te ferminderjen.

By Teeling Petfood meitsje se hûne- en kattefleis. De anty-stjonkynstallaasje is de lêste stap yn in tal ôfspraken mei de gemeente Dantumadiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)