Techum hat eigen biomerk

31 okt 2013 - 18:17
  • De biologyske merk hie in wiete en wynderige start

De Ljouwerter wyk Techum hat ûnder it motto 'Yt mar Frysk' in eigen merk mei biologyske streekprodukten. De alderearste Techumer merk wie tongersdeitemiddei by ûnlijich waar, mar luts likegoed tsientallen entûsjaste Techumers. Dy hawwe oant no ta gjin winkel yn de buert en binne sadwaande hiel wiis mei de iepenloftmerk.

De merk is in inisjatyf fan de Techumer snackbarhâlder Mud en produsinteferiening Frysk Eko Produkt. It oanbod op de earste merk bestie út ûnder oare fleis, aaien, tsiis, pompoenen en griente en fruit.

Wethâlder Isabelle Diks hie de merk iepenje sillen, mar wie ien fan de minsken dy't fêst stie yn it Ljouwerter stedsferkear. De merk is yn earste ynstânsje in proef foar de moannen novimber en desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)