Technyske steuring by plysje

18 jun 2003 - 00:00

De meldkeamer fan 'e plysje yn Ljouwert hat troch in technyske steuring oardel oere bûten wurking west. It haadkantoar wie dêrtroch telefoanysk net streekrjocht berikber ek de kompjûtersystemen diene it net. De telefoantsjes waarden automatysk omlaat fia de sintrale yn Grins.

Underwilens is alles wer opstarten en is plysje dwaande in achterstân fuort te wurkjen. Der hawwe harren fierders gjin slimme ûngemakken foardien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)