Technykstúdzje sûnder wiskunde

19 maaie 2008 - 17:19

Studinten dy't in technyske oplieding folgje wolle oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, de NHL, hoege dêrfoar gjin technysk profyl mear te kiezen op de Havo. De NHL lit fan takom skoalseizoen ôf ek studinten ta dy't in kultuer- of ekonomyprofyl ha.

De NHL is de earste HBO-ynstelling dêr't jongeren in technyske oplieding dwaan kinne sûnder dat se dêrfoar eksamen dwaan moatte yn wiskunde, natuerkunde of skeikunde. De studinten krije wol in spesjaal ynstreamjier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)