Technykdei foar skoalbern

03 okt 2014 - 20:38

Technyske bedriuwen hawwe noch hieltyd grut ferlet fan nij personiel. Sa ek bedriuwen yn Noardeast-Fryslân. Om wat oan it probleem te dwaan organisearret de Gouden Driehoek - in gearwurkingsferbân fan skoallen, ûndernimmers en oerheden - al in tal jierren in technykdei foar learlingen fan it Dockinga College yn Dokkum en De Saad yn Damwâld.

Freed wie de fjirde edysje fan dy dei, wêrby't learlingen op besite koenen by sechtjin technyske bedriuwen yn it gebiet en ek in tal ôfdielings fan sikehûs De Sionsberg.

De hoop is dat learlingen in technysk einprofyl kieze op har middelbere skoalle en dêrnei foar in technyske oplieding kieze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)