Technische Unie wreidet út

14 nov 2006 - 12:11

De Technische Unie yn Ljouwert wreidet flink út. De gruthannel yn technysk ynstallaasjemateriaal sit no oan de Suderkrúswei op bedriuweterrein De Himrik. Mar de saken gean sa goed dat de húsfesting dêr fierste lyts wurdt.

It oerslachgedielte sil oergean nei it leechsteande gebou fan Christian Salvesen, ek op 'e Hemrik. It besteande gebou bliuwt yn gebrûk as ferkeapkantoar. Der komme inkelde banen by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)