Tebeksetter foar Windstreken

11 sep 2004 - 13:45

De organisaasje fan it Windstreken-festival dat nije wike yn Ljouwert hâlden wurdt, hat in flinke tebeksetter. De festivaljûn yn De Harmonie, freed, is skrast fanwege te min belangstelling.

Der binne oant no ta mar fjirtich tagongskaarten ferkocht, wylst der op 1500 rekkene wie. De oare aktiviteiten, lykas it grutte iepeningskonsert fan it Windstrekenfestival op it Saailân, geane wol gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)