Tebeksetter foar Nij Franjum

10 okt 2010 - 15:17

It bestjoer fan doarpshûs Nij Franjum yn Marsum hat nei fiif jier striid mei de belestingtsjinst in tebeksetter te ferwurkjen krigen. It gerjochtshôf hat harren gjin gelyk jûn yn de kwestje oer de neilittenskip fan de susters Postma. Dy ha 450.000 euro neilitten oan de tsjerke en it doarpshûs.

De tsjerke betelle it leechste belestingtaryf. It doarpshûs it heechste omdat it net in saneamde Algemeen Nut Beogende Instelling wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)