Teatertún hoecht net ticht

16 jul 2004 - 15:31

De gemeente Gaasterlân-Sleat hoecht de Teatertún net te sluten omdat it iepenloftteater gjin eksploitaasjefergunning hat. Dat hat de rjochter besletten.

Guon buorlju sizze dat se lêst hawwe fan de muzyk op de iepenloftlokaasje. Sy fine dat der gjin hoareka-aktiviteiten mei lûde muzyk yn de tún wêze meie. Mar de foarsjenningsrjochter hat harren no yn it ûngelyk steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)