Teaterstik mei 2300 meiwurkers

14 mrt 2006 - 17:22

Oan it stik foar de iepening fan Sportstad Heerenveen dogge 2300 akteurs en musisy mei. 'De Heeren van het Veen' wurdt mids july opfierd yn it Abe Lenstrastadion. It stik giet oer de skiednis fan it Hearrenfean. Wichtige ynwenners lykas Abe Lenstra en Wim Duisenberg komme foarby.

Fan de 2300 minsken dy't meiwurkje binne 1500 basisskoallebern, dy't in koar foarmje. Der dogge ek sa'n 200 amateur- en professionele sporters mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)