Teaters wolle ynset provinsje

24 feb 2007 - 10:11

Fryske teaterdirekteuren wolle sels de provinsjale subsydzjepotsjes beheare foar keunstedukaasje. De direkteuren fan 5 skouburgen skriuwe dat yn in manifest. Dêryn steane 7 ambysjes foar it provinsjebestjoer. Sa moatte der oefenplakken komme foar talint. En steane de direksjes efter it plan foar in nij Frysk Festival.

Efter it manifest steane de direksjes fan de teaters yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean, Drachten en Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)