Teaterdei foar jongeren op NHL

02 apr 2006 - 15:08

Foar sa'n 80 jongeren stie ôfrûne sneon yn it teken fan teater. Yn it gebou fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert koene se de hiele dei workshops folgje op it mêd fan teater en toanielspyljen. It wie de 9e edysje fan de 'Jongeren Theaterdag'.

De stúdzjerjochting Dosint Drama organisearre de dei mei Frats. Frats is in sintrum dat him dwaande hâldt mei amateurtoaniel yn ús provinsje. Bern tusken 14 en 18 mochten meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)