Teater Snits leit op skema

10 maaie 2011 - 16:53
  • De nijbou fan teater Snits leit op skema

Nettsjinsteande fertraging oan it begjin leit de bou fan it nije teater yn Snits aardich op skema. Oer in pear wiken binne de kontoeren fan it nijste teater fan Fryslân goed te sjen. De stielen konstruksje fan it gebou komt dan op it bouplak oan om monteard te wurden. Mei-inoar wurdt 350 ton stiel foar de skouboarch brûkt.

It teater komt yn it Kultureel Kwartier. Dat gebiet bestiet fierder út Sintrum foar de keunsten, de Noardertsjerke en Poppoadium It Bolwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)