Teater Snits iepenet de doarren foar 200.000ste besiker

15 jan 2016 - 22:30
  • Frou Jansen fan Boalsert en har dochter op it poadium mei teaterdirekteur Ben van der Knaap en it duo Van der Laan & Woe
  • Teater Snits

It Teater yn Snits hat freedtejûn de 200.000ste besiker lutsen. Dat bysûndere oantal waard helle by de útferkochte foarstelling fan Van der Laan & Woe. De gelokkige wie frou Jansen fan Boalsert.

It teater yn Snits hat der krekt wat langer as trije jier oer dien om safolle minsken te lûken. Neffens teaterdirekteur Ben van der Knaap is dat flugger as yn it foar tocht. 

It tal besikers is elk jier groeiende en de ferwachting is dat ein takom jier de 300.000ste besiker helle wurde kin. Mei dizze besikersoantallen is Teater Snits it tredde teater fan Fryslan. Allinnich De Lawei yn Drachten en De Harmonie yn Ljouwert helje mear besikers binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)