Teater foar handikapten

15 okt 2002 - 00:00

It stik 'Wakker worden, Welterusten' is spesjaal makke foar swier ferstanlik handikapte minsken. Teatergroep Rakmak hat it stik skreaun dat tiisdei yn Drachten yn premiêre gien is.

De trije akteurs prate net, mar byldzje in ferhaal út troch lûden en bewegingen. It stik wurdt de kommende moannen yn tal fan ynstellingen foar handikapten yn Fryslân spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)