Team Sigerswâld nei WK hiphop

19 aug 2014 - 15:22

It demoteam Pressplay fan sport- en dûnsskoalle SDM út Sigerswâld docht dit wykein mei oan it WK hiphop yn Glasgow yn Skotlân. Freed en sneon wurde de pre-finales holden. De fyftjin froulju hoopje har dizze dagen te kwalifisearjen foar de finale fan snein.

De froulju binne tige grutsk dat se mei it team meidwaan meie oan it wrâldkampioenskip. It hiele seizoen is der hurd foar traind. De Fryske froulju hoopje yn Skotlân it Fryske doarpke Sigerswâld op de ynternasjonale kaart te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)