Team Aengwirden wint roeialvestêdetocht

16 maaie 2015 - 14:23
  • De dielnimmers dwaande mei de tariedings
  • De nachtelike passaazje fan it plakje Tergrêft oan de Dokkumer Ie

De earste dielnimmers oan de roeialvestêdetocht binne sneon om ien oere oer de finish kaam by de Froskepôle yn Ljouwert. De winner fan de tocht is it team Aengwirden fan It Hearrenfean. It wie neffens de organisaasje in swiere tocht. Troch de hurde wyn en de rein fan sneontemoarn moasten guon roeiteams healwei ôfheakje.

Oant sneontejûn healwei njoggenen kinne der noch roeiers binnen komme. Mei-inoar diene der 94 roeiboaten mei oan de roeialvestêdetocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)