Teake en Griet stride om titel

01 feb 2006 - 17:16

De ferkiezing fan de grutste Dantumadielster hat oant no ta in lytse 500 stimmen opsmiten. Ynwenners fan de gemeente koene digitaal har stim útbringe op ien fan de 29 gadingmakkers op de list. De partij Dantumadiel '82 hat de ferkiezing útskreaun.

Der kin no allinnich noch stimd wurde mei in bon yn in spesjale ferkiezingskrante. Kabaretier Teake van der Meer en sjongeres Griet Wiersma lûke oant no ta de measte stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)