Teagearre mei it cartoonfiguerke Garfield obesitas bestride

30 sep 2015 - 15:17

Soarchfersekerder De Friesland, Grendel Games út Ljouwert en it Ingenieur G.J. Smid fûns hawwe in game oer sûn libje ûntwikkele foar bern. Mei it spultsje kinne bern tusken de fiif en alve jier âld leare oer sûn iten en bewegen.

Doel is dat it tal bern dat te grou is ôfnimt. Obesitas is in groeiend probleem ûnder bern. De game, mei it cartoonfiguer Garfield yn de haadrol, komt takom jier út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)