Teade de Jong fan Ferwert Nederlânsk kampioen wynsurfen

26 okt 2015 - 09:42
  • Wynsurfer Teade de Jong

Teade de Jong fan Ferwert is dit wykein Nederlânsk kampioen wynsurfen Formula wurden. De 25-jierrige De Jong ferdigene dit wykein mei súkses ien punt foarsprong op de nûmer twa: tsienfâldich Nederlânsk kampioen Dennis Littel.

Yn Scheveningen koe De Jong syn konkurrint de earste race foarbliuwe, Littel pakte wol de winst yn de twadde race. Snein waard de lêste surfwedstriid skrast om't der te min wyn stie. It is foar de Ferwerter syn earste nasjonale titel by de senioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)