Te Plak foarearst rêden

17 des 2007 - 16:48
  • Te Plak foarearst rêden

Service-organisaasje Te Plak, mei seis festigings yn Fryslân, is foarearst rêden. De takomst stie faai omdat de Rykssubsydzje mei yngong fan 1 jannewaris stopset wurde soe. Mei in provinsjaal oerbrêgingskredyt fan 45.000 euro sil Te Plak no de selsstannige lokale festigings fuseare ta in provinsjale stifting.

De hast 50 wurknimmers mei in fêst kontrakt kinne yn tsjinst bliuwe. De tydlike kontrakten wurde skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)