Te min winkels mei LED

22 mrt 2010 - 22:03
  • LED-lampe

Der binne noch te min winkels dy't LED ferljochting oanskaffe. De lampen brûke folle minder enerzjy en dus kin in soad jild besparre wurde. Op dit stuit rint yn Fryslân in proefprojekt fanút de Westergosône om it by de winkeleigners ûnder de oandacht te bringen.

Fiif winkels dogge mei, werûnder sportsaak Diepenmaat yn Ljouwert. Dy winkel waard moandeitejûn weriepene mei de nije ferljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)