Te min 'sydynstreamers'

11 okt 2002 - 00:00

It Fryske ûnderwiis makket te min gebrûk fan saneamde 'sydynstreamers'. Dat fynt útstjoerorganisaasje Randstad. 'Sydynstreamers' binne minsken dy't gjin ûnderwiisûnderfining ha, mar wol graach les jaan wolle.

Ek yn Fryslân stekt it tekoart oan leararen de kop op. It leafst nimme skoallen kollega's mei ûnderfining oan. Randstad wol mei skoallen om 'e tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)