Te min rein foar boeren

16 maaie 2013 - 07:15

Fryslân hat dizze maaitiid te krijen mei in flink delslachtekoart. Dat seit waarburo Weeronline. Gewoanwei falt der yn maart en april ûngefear 120 mm delslach, no is dat mar 70 mm. Fral foar bouboeren is dat problematysk. Foar feeboeren is it waar fan dit stuit just hiel ûnhandich.

Yn twadde wike fan maaie is wol foldwaande rein fallen, mar foar it ynkuilen is op syn minst in droege dei nedich en dy hat der noch net west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)