Te min reekmelders yn Fryslân

29 okt 2006 - 14:07

Friezen ha fierstente min reekmelders yn 'e hûs. Dat is de konklúzje fan Willy Gerritsen fan de Brandwondenstichting. Dy stichting hat sneon yn gearwurking mei de brânwacht ferskate huzen kontrolearre.

Yn fierwei de measte huzen wie gjin reekmelder, of wurke de reekmelder net. De kontrôle waard sneon hâlden yn it ramt fan de nasjonale reekmeldersdei. Alle jierren komme 70 minsken om by in wentebrân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)