Te min promoasje Fryske Wâlden

23 maaie 2005 - 11:34

Te min gearwurking tusken de rekreaasjefoarsjennings yn de Fryske Wâlden kostet it gebiet toeristen. Dat sei deputearre Mulder dit wykein op in sympoasium fan Gemeentebelangen Fryslân oer toerisme.

Ultsje Hosper fan it Fryske Gea kaam op it sympoasium mei in suggestje foar it ferbetterjen fan de promoasje fan de Wâlden. Neffens him moat der in Wâldenkrite komme, nei foarbyld fan wettersportorganisaasje De Marrekrite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)