Te min plakken op boerekampings

04 jul 2003 - 00:00

Der driget fan 't simmer in tekoart oan kampearplakken op boerekampings. Om't it ekonomysk stikken minder giet, kieze hieltyd mear minsken foar it goedkeape kampearen by de boer. De boerekampings kinne amper oan de fraach foldwaan en wolle graach grutter wurde.

Lanlike regeljouwing stiet groei yn it paad. Der meie mar 15 karavans op sa'n kamping stean. Ferwachte wurdt dat de goed 100 boerekampings yn Fryslân mei de boufak folboekt binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)