Te min plak by Concordia sneon

16 nov 2006 - 17:08

It Ljouwerter koar Concordia hat in probleem. Foar it konsert no sneon yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert binne te folle kaarten ferkocht en no moatte se 90 minsken teloarstelle. Oan Concordia de taak om dy minsken te freegjen sneon nét te kommen.

Stuollen der by sette mei net, yn ferbân mei de brânfeiligens. Minsken dy't no sneon net mear by de útfiering fan The Messiah fan Händel wêze kinne, kinne freed nei de generale repetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)