Te min personiel soarch

24 aug 2007 - 14:34

By de handicaptesoarch yn Fryslân driget op de koarte termyn in tekoart oan kwalifisearre personiel. Der sille ek hieltyd faker leger kwalifisearre minsken ynset wurde omdat der hieltyd minder jild is. Dat ferwachtet Aardema fan fakbûn CNV-publieke Zaak.

De fakbûnen liede lanlik de needklok oer de weromrinnende kwaliteit yn de handicaptesoarch. Allinnich giet it yn Fryslân yn ferhâlding ta de Rânestêd no noch better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)